Wat is Pennel?

Lêzers fertsjinje skriuwers

Lêsto graach Frysktalige boeken? Komst graach yn oanrekking mei Fryske poëzij? Miskien soesto sels wolris in resinsje skriuwe wolle?

De Pennel app biedt skreaune en sprutsen teksten fan skriuwers dy’t harren wurk (noch) net fia in útjouwer publisearje, mar wol graach harren wurk lêze litte wolle. Alle moannen stean der fiif nije tekstfragminten klear om lêzen, belústere en beoardield te wurden.

enteken

Skriuwers fertsjinje lêzers

Hasto wolris wat yn it Frysk oan it papier of it byldskerm tabetroud? Tinksto der wolris oan om it op te stjoeren nei in útjouwer of sels te publisearjen?

Dan soe it ynstjoeren fan dyn tekst nei de Pennel app in moaie earste stap wêze kinne. De app biedt (aspirant) skriuwers en dichters in poadium en bringt harren wurk ûnder de oandacht fan lêzers en útjouwers.


Oer de Pennel app

De Pennel app wol op in tagonklike wize in grutter publyk yn ’e kunde komme litte mei Frysktalige boeken, ferhalen en gedichten.

De app is in ynisjatyf fan Buro KLEI, yn gearwurking mei kultureel opinyblêd ‘de Moanne’ en is ta stân kommen mei finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân.

boekplaatje

Betingsten

Hoe wit ik oft myn bydrage publisearre wurdt?
De redaksje fan ‘de Moanne’ makket in kar hokker fragminten publisearre wurde binnen de Pennel app. Do ûntfangst berjocht óf, en yn hokker perioade dyn bydrage publisearre wurdt.

Wat bart der mei teksten dy’t ik ynstjoer foar de Pennel app?
It auteursrjocht en copyright op teksten dy’tsto ynstjoerd hast foar de Pennel app bliuwe by dy. Itselde jildt foar lûdsopnamen fan ynsprutsen teksten. Troch it ynstjoeren joust Pennel tastimming om dyn tekstfragmint te publisearjen binnen de app en op it platfoarm fan ‘de Moanne’. Foar gebrûk op hokker oare wize dan ek, sil earst dyn tastimming frege wurde.

Krij ik in fergoeding of royalties foar myn bydrage?
Der wurdt net betelle foar bydragen oan Pennel. Wy biede skriuwers in poadium en in lêzerspublyk, wêrûnder útjouwers dy’t sykje nei nij Frysktalich skriuwtalint.

Wat docht de Pennel app mei myn gegevens?
Foar it brûken fan de app is in akkount nedich sadat wy dy ynformearje kinne en dyn bydragen en reaksjes opslaan kinne. Dyn gegevens wurde net dield mei oare partijen.
Der wurde statistiken byholden oer it brûken fan de app, bygelyks hoe faak tekstfragminten lêzen wurde en hoefolle reaksjes der pleatst wurde. Der wurde gjin oanfoljende gegevens troch de app sammele.

Mei ik tekstfragminten út de Pennel app brûke?
De tekstfragminten yn de Pennel app binne en bliuwe yntellektueel eigendom fan de skriuwer. Sûnder útdruklike tastimming fan de auteur meie tekstfragminten net publisearre of fermannichfâldige wurde.


Kontakt

Feedback en suggestjes foar it ferbetterjen fan de Pennel app is altyd wolkom. Ek technyske problemen kinne mei it kontaktformulier hjirneist melden wurde.